GHB-ferslaafden net motivearre

25 mrt 2014 - 12:05

Ien op de fjouwer GHB-ferslaafden dy't behannele wurdt yn in spesjale klinyk yn Ljouwert heakket ôf, foardat se fan de ferslaving ôf binne. Ien op de trije hâldt op by de ferfolchbehanneling.

Dat docht bliken út ûndersyk. Minsken dy't sels ôfkicke, sûnder behanneling, bliuwe wol clean. Neffens gedrachswittenskipper Esmée Aarden is de grutste oarsaak foar it weromfallen dat GHB-ferslaafden faak net motivearre genôch binne om ôf te kicken.

Hast net ien soe sels fan de ferslaving ôf wolle. Of se wurde der ta oanset troch bygelyks de âlden.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)