Ungelok A7 by De Jouwer

25 mrt 2014 - 11:37
  • Plysje

In ûngelok op de A7 by De Jouwer soarge tiisdeitemoarn foar ferkearshinder en filefoarming. By it ûngelok kamen in frachtwein en in auto mei-inoar yn botsing. Dêrby rekken gjin minsken beknipe.

Wol soarge de botsing foar brokstikken dy't op de oare rydstrook belânen. Hjir rieden wer auto's oerhinne, wêrnei't der in opstopping ûntstie. Ferkear op beide rydstroken stie koarte tiid stil.

Auto's waarden oer de flechtstrook laat, wat foar it nedige opûnthâld soarge. De plysje docht noch ûndersyk nei de tadracht fan it ûngelok.

Hoe't it mei de ynsittenden giet, is noch ûnbekend.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)