Problemen mei griene kontener

25 mrt 2014 - 11:31

Ynwenners fan de gemeenten Hearrenfean, Opsterlân en Eaststellingwerf krije ynkoarten in nije griene kontener. De eksimplaren dy't bewenners no brûke ha in fabrikaasjeflater. It foarste part fan de konteners it te sacht. Dêrtroch kin it gebeure dat de griper fan de jiskewein de kontener net goed oppakt.

Ferline jier is ôffalferwurker Omrin oerstapt op oare konteners, omdat se gebrûk meitsje fan in oar technysk systeem. Mei de grize konteners is neat mis, mar by de griene wol, sa docht bliken út in yn in yntern kwaliteitsúndersyk.

De konteners moatte foar ein april ferfongen wêze.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)