Aquario hâldt der mei op

25 mrt 2014 - 11:30

Riolearringsbedriuw Aquario hâldt fan 1 jannewaris 2015 ôf op te bestean. Dat hawwe wetterbedriuw Vitens en wetterskip Fryslân, de twa oandielhâlders fan Aquario, besletten.

Der wurdt besocht oar wurk te finen foar de sechstjin meiwurkers fan it riolearringsbedriuw yn Snits. It bedriuw is yn 2001 oprjochte om it rioelûnderhâld foar safolle mooglik gemeenten te dwaan.

Mei troch de gemeentlike weryndielings rint it oantal opdrachten werom. Dat falt dykgraaf Paul van Erkelens fan wetterskip Fryslân bot ôf. Der moat de kommende jierren miljoenen euro's besunige wurde op wetterbehear. In mienskiplik riolearringsbedriuw lykas Aquario hie dêr by helpe kind.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)