Lêste fazen Nieuw Zaailand

De bou fan it projekt Nieuw Zaailand yn Ljouwert krijt hieltyd mear foarm. No moandei wurdt begûn mei de werynrjochting fan it Wilhelminaplein. Twa wiken letter binne de omlizzende strjitten oan bar.
It Ruterskertier wurdt dan as earste oanpakt. It is de bedoeling dat it plein en de omlizzende strjitten yn goed in heal jier klear binne. Der komt ûnder oare nije befluorring. De bou fan it Frysk Museum leit noch hieltyd op skema.