Wigle Sinnema net yn ried SWF

25 mrt 2014 - 10:54

PvdA-wethâlder Wigle Sinnema nimt gjin plak yn de gemeenteried fan Súdwest-Fryslân. Hy hat wol rjocht op in sit, mar sjocht der fanôf.

Sinnema hat op foarhân al sein dat er net yn de ried wol, mar dat er wer wethâlder wurde wol.

De ûnderhannelings oer in nij kolleezje yn Súdwest-Fryslân begjinne woansdei. De PvdA is mei seis sitten de twadde partij yn de ried. It CDA is de grutste partij mei tsien sitten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)