Drachtster bellet ûnnedich 112

(stockfoto) © ANP XTRA
In 29-jierrige man út Drachten is yn de nacht fan snein op moandei oanholden om't er ûnnedich mei it alarmnûmer 112 belle. Dêrby foel er in sintraliste fan de meldkeamer lestich. De Drachtster waard meinommen nei it buro, dêr't er ek nochris de plysje misledige. Der is proses-ferbaal tsjin de man opmakke, dêrnei mocht er moandei wer nei hûs.