Treinen ride wer

Om tsien foar tsienen ried tiisdeitemoarn de earste trein út Ljouwert wer nei Rotterdam ta. Sûnt sân oere moarns lei it treinferkear op it sintraal stasjon yn Ljouwert stil nei in defekt yn 'e boppeleiding.
Oarsaak wie koartsluting tusken de lieding en de stroomôfnimmer boppe op de trein. De brânwacht sleat it hiele stasjon ôf en helle de stroom fan de liedings. Dêrtroch koenen ek de diseltreinen nei Harns en Starum net fuortride. Yn de tuskentiid binne reizgers mei tolve bussen nei It Hearrenfean brocht.
Neffens ProRail is dat allegear goed ferrûn. Ut in skou die bliken dat der gjin skea ûnstien wie yn de boppelieding tusken It Hearrenfean en Ljouwert. Sadwaande koenen de treinen fan tsien foar tsienen ôf wer ride neffens tsjinstregeling. Reizgers mei fertraging krigen op it Ljouwerter stasjon in fergees bakje kofje oanbean.