Sieraden stellen yn Snits

14 feb 2012 - 10:16
  • (fotofoarbyld)

In frou út Snits hat moandeitejûn om acht oere hinne yn har wenning oan de Breewijd in ynbrekker op 'e die betrape. De bewenster hie in rút fan in sliepkeamer iepenset. Doe't se yn in oare keamer wie, hearde se lawaai en fernaam se dat de doar fan de sliepkeamer oan de binnenkant op slot dien wie.

De frou warskôge in buorman en tegearre giene se op ûndersyk út. De ynbrekker wie doe al útnaaid. Hy hie sieraden stellen. Nei alle gedachten is der fia in plat dak troch it iepensteande rút klommen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)