Brân sporthal Eastermar
Yn de sporthal fan Eastermar oan 't Hof hat moandei in lyts brantsje west. In groep D-junioaren wie oan it trainen yn de hal doe't in part fan de ferljochting ynienen útfoel. De lieder fan de groep gie op ûndersyk út en seach flink wat reek.
It die bliken dat der brân wie yn de meterkast. De fuotballers binne de sporthal útgien. De brânwacht hie it fjoer al gau út.