Parfum stellen yn Ljouwert
Der is yn de nacht fan moandei op tiisdei ynbrutsen yn in drogisterij oan de Canadezenlaan yn Ljouwert. Om healwei trijen hinne forsearren twa manlju de foardoar.
Se namen in grutte partij parfum mei. De 32-jierrige eigener hat oanjefte dien. De plysje hat in ûndersyk ynsteld.