Mear anonime tips

14 feb 2012 - 09:46

Troch anonime tips hat de plysje Fryslân ferline jier 17 fertochten oanhâlden en 16 saken oplost. Meielkoar binne by de anonime tipline 0800 7000, 345 tips binnenkaam oer Fryske geweld- en misdiesaken. Dat binne der krekt wat mear as yn 2010.

Twa tredde fan de tips hiene te krijen mei himpkwekerijen en de ferkeap fan soft- en harddrugs. Troch de tips binne yn Fryslân ferskate himpkwekerijen oprôle. Meielkoar binne 8500 himpplanten yn beslach naam.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)