100 fan Earnewâld ferivige

13 feb 2012 - 20:51

Alle winners fan de 100 fan Earnewâld, in natueriiswedstriid, wurde ferivige op it wetter. Dêr komt in driuwend stânbyld mei derop de nammen fan alle winners. Yn 1963 waard de wedstriid foar it earst organiseard.

It byld wurdt makke troch Hans Jouta. Hy sil ek de namme fan Simon Schouten derby skriuwe dy't moandei de reedrydklassiker wûn. It byld moat de 100 fan Earnewâld mear oansjen jaan.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)