"Marco gjin babbelegûchjes"

13 feb 2012 - 20:26

Foppe de Haan is posityf oer de komst fan Marco van Basten as nije trainer fan Sportklup Hearrenfean. "Ik ken Marco as in man sûnder babbelegûchjes. Hy is is hiel straight en nuchter en past prima by Hearrenfean."

De Haan wurke as trainer fan Jong Oranje mei Van Basten, dy't doe bûnscoach wie.

Hearrenfeanspits Gerald Sibon is ek goed te sprekken oer 'San Marco'. "Dit is voor de club wel top en ik denk dat veel spelers dit wel beïnvloedt in het maken van hun keus voor wat ze volgend seizoen doen. Het doet mij ook wel wat." It kontrakt fan Sibon rint nei dit seizoen ôf.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)