Betelje foar frijwilligers

Gemeenten moatte derom tinke dat se frijwilligerswurk net ûnmooglik meitsje. Dat wurdt no al dien troch it ynstellen fan regels en finansjele drompels. De oprop komt fan it bestjoer fan de fytsalvestêdetocht.
Oanlieding is it útstel fan de gemeente Weststellingwerf om de leges foar de oanstelling fan in ferkearsregelaars op te heegjen nei goed 37 euro. Nuver fine se by de feriening fytsalvestêden. Want hieltyd faker moatte sy in berop dwaan op frijwilligers om't de oerheid him weromlûkt.