Lytse kâns op Valentijnskaart

13 feb 2012 - 19:19

De kâns dat jo in Valentijnskaart krije is lyts. Dat docht bliken út ûndersyk fan Greetz.nl, in website dêr't online kaarten makke en ferstjoerd wurde kinne. Fan alle Nederlanners hawwe Brabanners de grutste kâns op in kaart en Friezen de minste.

Oer it generaal wurde dit jaar 30% mear kaarten ferstjoerd. De populêrste kaarten binne dy mei in foto fan de freon of freondinne derop. Op tiisdei 14 febrewaris is it Valentijnsdei.

Trefwurden: 
valentijnskaart
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)