Fertraging foar treinreizgers

25 mrt 2014 - 07:59

Reizgers út Ljouwert dy't mei de trein nei Zwolle, Harns of Starum reizgje, moatte rekken hâlde mei fertraging fan mear as in oere. Troch in defekt oan de boppelieding binne de treinen yn dizze rjochtingen útfallen. Tiisdeitemoarn betiid waard der melding dien fan in treinbrân. Al rap die bliken dat it net gie om brân mar om fonken fan de boppelieding.

Fanwege de feilichheid helle de brânwacht de stroom fan de lieding, wêrtroch't de trein nei Zwolle net mear rydt. Ek de diseltreinen nei Harns en Starum steane stil.

ProRail is drok dwaande om alternatyf ferfier yn te setten. Reizgers wurdt advisearre de ynformaasje goed yn de gaten te hâlden.

Trefwurden: 
Ljouwert ProRail treinstasjon
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)