Winkels langer iepen yn Akkrum

24 mrt 2014 - 22:44

Alle winkels yn Akkrum-Nes meie tusken 1 april en 1 oktober iepen op snein en op feestdagen. Oare winkels meie maksimaal mar sechstjin sneinen iepen. Dat meldt boargemaster Tjeerd van der Zwan fan gemeente Hearrenfean op syn Twitterpagina. Dêr wie in soad diskusje oer yn de gemeenteried, sa skriuwt Van der Zwan.

In mearderheid gie dochs akkoart mei it útstel fan wethâlder Coby van der Laan om de winkeliepenstelling yn de doarpen út te wreidzjen en lyk te lûken mei de rest fan de gemeente Hearrenfean.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)