Boeken Akademy foar Tresoar

24 mrt 2014 - 20:25

It Frysk histoarysk en letterkundich sintrum Tresoar yn Ljouwert krijt de bibleteekkolleksje fan de Fryske Akademy. Undersikers en bygelyks studinten krije sa makliker tagong ta de boarnen. Benammen de spesjalistyske kolleksje fan it Mercator Kenniscentrum wurdt op dy wize better ûntsletten.

Direkteur Bert Looper fan Tresoar is wiis mei de boeken. It draacht deroan by om it sintrum om te bouwen ta de takomstige wittenskiplike bibleteek fan Fryslân. It giet om sawat 200 meter oan boeken.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)