Natoer Fryslân better beheare

Der driigje planten en bisten út te stjerren as de provinsje net gau yn aksje komt, sa warskôget de Noardlike Rekkenkeamer yn in rapport. Nije natoergebieten moatte flugger ynrjochte wurde of better beheard. It giet om natoer yn de saneamde ekologyske haadstrukteur dy't natoergebieten mei elkoar ferbine moat.
It oanlizzen fan dy ferbinings wie in taak fan it ryk, mar dy hat dat oerdien oan de provinsjes. Grinslân en Fryslân rinne efter by it útfieren fan de nije taak, konkludearret de Rekkenkeamer.
Yn 2027 moat de ekologyske haadstrukteur oanlein wêze. Neffens deputearre Johannes Kramer is dizze doelstelling helber, mar krijt de provinsje te meitsjen mei ferskate tûkelteannen. Sa is der minder jild om de ekologyske haadstruktuer te realisearjen en is it somstiden lestich om grûn oan te keapjen om't der yn Fryslân folop buorke wurdt.