'Seewynpark better ûndersykje'

24 mrt 2014 - 17:38
  • Wynturbinepark op see

It ministearje fan Ekonomyske Saken moat better ûndersyk dwaan nei geskikte plakken foar wynmûnen boppe de Waadeilannen. Der is no net goed sjoen nei de gefolgen foar de natuer. Hokker lokaasje it bêste is om enerzjy op te wekken, is ek net goed útsocht. Dat seit de ûnôfhinklike kommisje MER.

It wurdt tsjinstanners fan wynenerzjy boppe de Waadeilannen maklik makke om de plannen tsjin te hâlden as it ryk syn húswurk net better docht, sa warskôget de kommisje. Sy rekkenje der dan ek op dat der noch oanfoljend ûndersyk dien wurdt.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)