Ofspraken tsjin spibeljen MBO

13 feb 2012 - 16:01

Minister Marja van Bijsterveldt fan ûnderwiis hat moandei yn Ljouwert ôfspraken ûndertekene oer it tsjingean fan spibeljen op it MBO. Se die dat mei de lanlike MBO-ried en de learplichtamtners. Der geane no noch tefolle jongeren sûnder diploma fan skoalle.

It foarstel is om learlingen dy't 18 jier of âlder binne op deselde wize te behanneljen as jongere bern. Jongerein ûnder de 18 jier falt lykwols ûnder de learplicht en wa't âlder is net.

It middelber berops ûnderwiis, it ministearje fan ûnderwiis en de learplichtamtners moatte ien en oar lanlik noch útwurkje. Minister Van Bijsterveldt tinkt dat foaral mear belutsenheid fan de âlders helpe sil.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)