33.000 stimmen Fryske top-100

26 des 2012 - 17:30
  • It gebou fan Omrop Fryslân yn Ljouwert

Foar de Fryske top-100 binne 33.000 stimmen binnenkaam. Woansdei wie de lêste stimdei foar de moaiste Fryske nûmers. Twa moanne lang koene minsken har top-5 telefoanysk of op ynternet trochjaan. Op basis fan de stimmen wurdt de top-100 gearstald, dy't dan op âldjiersdei fan 7 oere moarns oant seis oere jûns útstjoerd wurdt op Omrop Fryslân radio. Dan wurdt ek bekend hokker nûmer op ien stiet. De lêste jierren wie dat Cliffs of Moher fan Gurbe Douwstra.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)