330 boetes by Feankleaster

14 jan 2009 - 09:32

By in snelheidskontrôle yn Feankleaster binne mear as 330 boetes útdield. De plysje die in radarkontrôle op de Kleasterwei en kontrolearre dêrby 479 bestjoerders. De maksimumsnelheid op dat plak is tritich kilometer yn it oere, mar hast santich prosint fan 'e bestjoerders ried hurder. De rapste bestjoerder gie 69 kilometer yn it oere.

By in kontrôle yn Rinsumageast rieden seis minsken te hurd. Hjir waarden mear as 400 bestjoerders kontrolearre.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)