33 kuierders kuierje dochs

26 jul 2006 - 17:14

Sawat 30 fan de 150 dielnimmers dy't ynskreaun hiene foar de trijedaagse kuiertocht Meerslag om Boalsert binne woansdeitemoarn dochs úteinset mei de tocht. De gemeente Boalsert hie de tocht tiisdei ferbean, omdat it te hyt is. De gemeente hat him dêrby advisearje litten troch de GGD.

De organisaasje fynt dat nuver, omdat der soarge wie foar in soad iten en drinken ûnderweis. Fierder wiene de rûtes koarter makke.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)