Marco van Basten nei It Fean

13 feb 2012 - 14:58

Marco van Basten wurdt mei yngong fan takom seizoen de nije trainer fan Sportklup Hearrenfean. Dat hat de klup moandei bekend makke. Sportklup Hearrenfean moast op syk nei in nije trainer omdat Ron Jans nei dit seizoen fuortgiet.

Jans hat dan twa jier de technysk ferantwurdlike man west. Marco van Basten hat as spiler furoare makke by Ajax en AC Milan.

As trainer wie er bûnscoach by it Nederlânske alvetal en haadtrainer by Ajax. It is noch net dúdlik oft Van Basten ien of mear assistinten meinimt nei Hearrenfean. Op dit stuit is Henk Herder de fêste assistint-trainer by it earste alvetal.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)