Bistepartij no echte ôfdieling

De wurkgroep Fryslân fan de Partij voor de Dieren is snein offisjeel in ôfdieling wurden. Dat barde op de alderearste algemiene ledegearkomste yn Sint Nyk. It nije bestjoer waard unanym keazen. Foarsitter is Annemarie van Gelder.
De wurkgroep Fryslân fan de Partij voor de Dieren waard yn 2005 oprjochte. Ynhâldlik feroaret der net in soad, it bestjoer moat no allinnich wol ferantwurding ôflizze oan de leden yn Fryslân.