Ljouwerter dûbel op de bon

13 feb 2012 - 11:09

In 24-jierrige autobestjoerder út Ljouwert hat snein twa boetes krigen. Plysjeminsken seagen de man mei hege snelheid oer de Ryksstrjitwei troch Hurdegaryp riden en joegen him in stopteken.

De Ljouwerter koe him net identifisearje en moast dêrom mei nei it buro. Dêr die bliken dat er gjin rydbewiis hie. Foar beide saken krige er in bekeuring.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)