Oare bustiden by Arriva

24 mrt 2014 - 14:46

Arriva past fan in tal buslinen yn Ljouwert de tiden oan. It ferfiersbedriuw docht dat om foar in bettere oansluting foar de passazjiers te soargjen. It giet dan ûnder oare om bussen dy't de twa treinstasjons yn Ljouwert as halte hawwe.

Sa komt der in nije busline by tuksen it stasjon en de Frijheidswyk, line 38. It tal ritten fan line 33 tusken it stasjon en de Friese Poort ferdûbele. Sa rydt dy tenei net fjouwer kear tusken acht en njoggen oere moarns, mar acht kear. De wizigings gean nije wike snein yn.

Sjoch hjir foar alle feroarings.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)