FNP: winkels gelyk behannelje

Winkelje © Omrop Fryslân
De FNP Hearrenfean is tsjin it foarstel fan boargemaster en wethâlders sa't it der no leit om de iepeningstiden fan winkels op snein út te wreidzjen. Supermerken en boumerken soene alle sneinen iepen meie. Lytse, selsstannige winkels meie dat mar sechtsjin kear yn it jier, sa stiet yn it foarstel.
De FNP is it dêr net mei iens. De partij wol dat alle winkels gelyk behannele wurde. De FNP sil dêroer moandei in amendemint yntsjinje yn de ried. Dat wurdt yn alle gefallen stipe troch de VVD, D66 en GrienLinks.