Enerzjykoöperaasje wol gau los

Us Koöperaasje hopet dat de fergunning foar de levering fan enerzjy mids april binnen is. Dat seit Pieter Wittenberg, bestjoerslid fan Noordelijk Lokaal Duurzaam (NLD). Dat is in gearwurkingsferbân fan trije griene enerzjykoöperaasjes yn Fryslân, Grinslân en Drinte.
De oanfraach foar de fergunning waard yn novimber ferline jier yntsjinne troch NLD. De oanfraach leit no by de Autoriteit Consument en Middelen. De NLD sil de enerzjy leverje. Us Koöperaasje hie tocht dat de úteinlike levering wat gauwer begjinne koe.