Plysje misledige op Weaze

24 mrt 2014 - 10:44

Op de Weaze yn Ljouwert is yn de nacht fan sneon op snein in 20-jierrige ynwenner út dy stêd oanhâlden foar mislediging fan plysjeminsken. De fertochte waard út in hoarekagelegenheid set, omdat er him ferfelend gedroech.

De plysje waard derby roppen en spruts de man oan op syn gedrach. Dêrby misledige de Ljouwerter de plysje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)