Ferwûne by botsing yn Balk
In 76-jierrige frou út Balk is sneintemoarn ferwûne rekke by in ûngelok op de Gaaikemastrjitte yn har wenplak. It slachtoffer ferliende op de krusing mei de Tjalke de Boerstrjitte gjin foarrang oan in auto dy't fan rjochts kaam. Dy auto waard bestjoerd troch in 53-jierrige ynwenster fan Warkum.
De frou út Balk is mei de ambulânse nei it sikehûs brocht.