Undersyk nei autobrân

24 mrt 2014 - 10:19

De plysje yn Ljouwert docht ûndersyk nei in autobrân yn de nacht fan snein op moandei yn de buert fan de iishal oan de Heliconwei. De plysje slút brânstifting net út.

De meldkeamer krige de melding fan de brân krekt nei healwei ienen. De brânwacht wie gau teplak, mar de auto brânde hielendal út. De eigener hat oanjefte dien.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)