Nije haven Grou stap tichteby

De komst fan in nije haven yn Grou is wer in stap tichteby. De Grouster Wettersport Feriening hat al jierren plannen foar in nije haven, mar earder gie dit nea troch. In grutte mearderheid fan de leden fan de wettersportferiening hat ferline wike mei de plannen ynstimd. It is noch net dúdlik hoefolle de nije haven kostje sil, omdat de oanbesteging noch dien wurde moat. De kosten wurde rûsd op ûngefear in heal miljoen.
It bestjoer fan de wettersportferiening seit dat hast alles regele is, allinnich de provinsje moat noch grien ljocht jaan.
As alles neffens planning ferrint, soe de nije haven der oer in jier lizze kinne.