Ireen Wüst wer wrâldkampioene

Ireen Wüst hat snein foar de fyfde kear de WK allround-titel op har namme skreaun. Op it iis fan Thialf stuts Wüst der mei kop en skouders boppe-út. Se wûn trije ôfstannen mei oermacht en waard mei har tiid fan 6.59.07 twadde op de ôfslutende 5 kilometer.
De winst op de 5 km gong ferrassend nei Yvonne Nauta. Mei har winnende tiid fan 6.57.59 pakte Nauta boppedat it brûns by har WK-debút. Olga Graf einige as tredde op de 5 km mei 7.00.01 en pakte dêrmei it sulver yn it einklassemint. Wüst helle ek in nij punterekôr fan 158.615.
By de manlju waard Koen Verweij wrâldkampioen. Yn de lêste rit op de 10 kilometer slagge Jan Blokhuijsen der net yn om it ferskil mei Verweij goed te meitsjen, hy wûn wol de 10 kilometer yn 13.13.93. Yn it einklassemint waard Blokhuijsen twadde, op it tredde plak einige de Rus Denis Yuskov.