Oppakt foar falske 112-melding

© Omrop Fryslân
In 32-jierrige Harnzer is sneontenacht oanhâlden, omdat hy der fan fertocht wurdt in falke melding by 112 dien te hawwen. Hy melde in brân oan de Caspar Di Roblesstrjitte, mar nei ûndersyk waar dúdlik dat dat net sa wie. De man is yn syn hûs oanhâlden en oerbrocht nei it plysjeburo. De man is yn 2011 en 2013 ek al bekeurd foar it dwaan fan falske meldings by 112.