Aksjes tsjin PVV-er Aardema

De Anti Fascistische Aktie Fryslân kondiget aksjes oan tsjin PVV-steatelid Max Aardema. It giet om ludike aksjes. Aardema is it iennichste noch sittende PVV-steatelid yn Fryslân. Sneon stapten Otto van der Galiën en Pieter Buisman út de partij nei oanlieding fan de wurden fan Geert Wilders oer Marokkanen. It is noch net dúdlik wat de twa no dwaan sille.
Aardema sei sneon dat er Wilders noch in kâns jaan woe syn wurden út te lizzen. Hy komt begjin dizze wike mei in stânpunt oer syn takomst by de PVV.