Asbest frij by brân De Harkema

(foto-ympresje) © ANP
By in brân yn in garaazjeboks op 'e Harkema is sneontejûn asbest frijkaam. De boks stiet oan de Reitsmastrjitte. It liket derop it asbest net fierder kaam is as it hiem dêr't de boks op stiet. De brânwacht warskôget omwennenden lykwols wol foar mooglike fersprieding.
In spesjalisearre bedriuw bringt de fersprieding yn kaart. Sa gau as dêr mear dúdlikheid oer is, wurde de omwennenden ynformearre.