Sjinkie en Daan huldige

De folsleine shorttrackploech is sneontejûn huldige yn it Abe Lenstra Stadion. De ploech waard ûnder oare huldige foar de Olympyske prestaasjes en foar de wrâldtitel fan ferline wike fan de efterfolgingsploech. Dy ploech, mei Sjinkie Knegt en Daan Breeuwsma, pakte de wrâldtitel yn it Kanadeeske Montreal.
Boargemaster Tjeerd van der Zwan spruts de shorttrackers ta en dêrnei krigen alle shorttrackers, mei ûnder oare Jorien ter Mors in SC Hearrenfean shirt mei harren namme.
Nei de huldiging skoden Sjinkie en Daan oan by ferslachjouwer Roelof de Vries as saneamde analytisy. Dat fragmint is hjirûnder werom te hearren.