Ireen wint ek 3000 op WK

Ireen Wüst hat sneon nei de 500 meter ek de 3000 meter op har namme skreaun by it WK allround yn Thialf. Yn de lêste rit klokte Wüst in winnende tiid fan 3.58.83 en liet dêrmei de konkurrinsje fier achter har. Yvonne Nauta einige mei 4.03.20 op it twadde plak, foar Olga Graf út Ruslân dy't in tredde tiid fan 4.05.51 klokte.
Yn it algemien klassemint wreidet Wüst har foarsprong op de nûmer twa Yuliya Skokava út nei goed 5 tellen. Olga Graf folget op plak trije op 6 sekonden. Yvonne Nauta klimt nei de knappe 3000 meter nei it njoggende plak.
By de manlju gong de winst op de 5000 meter nei Jan Blokhuijsen. Hy sette in winnende tiid fan 6.17.78 op 'e klok en liet dêrmei Koen Verweij (6.19.69) en Denis Yuskov (6.20.16) achter him. Verweij giet nei twa ôfstannen oan de lieding yn it tuskenklassemint. It ferskil op de 1500 meter mei Jan Blokhuijsen is 0,81 sekonden. Håvard Bøkko stiet op it tredde plak op 1,94 sekonden fan Verweij.