Grutte ferkearsdrokte It Fean

22 mrt 2014 - 14:10

De plysje fan It Hearrenfean warskôget op twitter foar in grutte ferkearsdrokte yn it plak. Op It Hearrenfean binne sneontemiddei en jûn meardere aktiviteiten. Twa binne fan sportive aard: it WK allround op Thialf en de fuotbalwedstryd Hearrenfean-NEC.

Fierder is it de twadde dei fan it Ljochtfestival en wurdt jûn de Barretocht hâlden, in muzikale rûngong by de kroegen lâns op It Hearrenfean. Sportklup Hearrenfean freget op syn webside besikers fan de wedstriid op tiid fan hûs te gean.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)