Brânstichting op De Jouwer

22 mrt 2014 - 12:51

De plysje siket de dieder fan brânstichting oan de Wietske Tademaleane op De Jouwer. Om healwei fjouweren waard fia 112 in autobrân melden. Dêrnei folgen meldings dat by in hûs ek in hokje en in hage yn 'e brân stiene. De brânwacht hie de situaasje al gau ûnder kontrôle.

De plysje siket no tsjûgen en minsken dy't ynformaasje hawwe oer dizze brânstichting. Sy wurde fersocht kontakt op te nimmen. In 75-jierrige Jouster hat oanjefte dien.

Trefwurden: 
De Jouwer brânstichting
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)