Laptops en sieraden stellen

22 mrt 2014 - 12:44

De plysje ûndersiket twa wenningynbraken dy't freedtejûn west hawwe yn Ljouwert. De bewenners fan in hûs oan de Bleekleane ûntdutsen dat der ynbrutsen wie. Se misse in laptop, sieraden en in kamera. De dieders binne der troch in rút oan de achterkant yn kaam.

Yn in hûs oan de Vredeman de Vriesstrjitte waard ek ynbrutsen, dêr wie de bút in Ipad, Ipod, horloazjes en in jas. Hjir kamen de dieven troch in doar oan de achterkant fan it hûs binnen. De slachtoffers hawwe oanjefte dien.

Trefwurden: 
Ljouwert ynbraken
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)