Ireen Wüst wint 500m op WK

© ANP
Ireen Wüst hat de iepeningsôfstân op it WK allround op Thialf wûn. Se wûn de 500 meter yn in tiid fan 38.86. Twadde waard De Russin Skokova yn 39.00 en ek it tredde plak wie foar in Russin, Shikhova ried in tiid fan 39.13. Foar Yvonne Nauta begong it toernoai teloarstellend, sy kaam mei 41.09 net fierder as in 19e plak op de 500 meter. It ferskil mei Wüst op de 3000 meter is dêrmei al goed trettjin sekonden.
By de manlju wûn de Poal Konrad Niedzwiedzki de 500 meter yn in tiid fan 35,91. Koen Verweij en Håvard Bøkko waarden mei 35,95 twadde.