Lêste toernoai 'âld' Thialf

22 mrt 2014 - 11:24

Yn in útferkocht Thialf wurdt dit wykein it WK allround ferriden. It is de lêste grutte wedstriid, foardat Thialf ferboud wurdt. By de froulju hearre Ireen Wüst en ek Yvonne Nauta ta de medaljekandidaten. Debutante Yvonne Nauta hat sin oan it toernoai, se sjocht it as in moai toetje fan it seizoen. Ireen Wüst is opnij de favoryt foar de titel.

By de manlju steane gjin Friezen oan de start. Sven Kramer hat nei Sotsji in punt setten achter dit reedrydseizoen. Favoriten by de manlju binne wol Nederlanners, Jan Blokhuijsen en Koen Verweij.

Sy wiene op it Europeesk Kampioenskip de nûmers ien en twa fan it klassemint. It toernoai begjint om 12 oere mei de 500 meters. Letter ride de froulju de 3000 meter en de manlju de 5000 meter. Snein steane de 1500 meter en de langste ôfstannen op it programma.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)