Plysje siket eigener spuiten
By in bankje by de Brandeleane yn De Knipe binne sneontemoarn trije folle ynjeksjespuiten fûn. Yn de spuiten sit it middel Fraxodi, dat foarskreaun wurdt by tromboaze. De plysje siket no de eigener. Dy kin him melde op it plysjeburo fan It Hearrenfean of belje mei it plysjenûmer 0900-8844.