Frou ferwûne op Tramwei Snits

22 mrt 2014 - 10:56
  • Ambulânse

In frou fan 75 út Toppenhuzen is earder dizze wike ferwûne rekke by in ûngelok op de Tramwei tusken De Jouwer en Snits. De frou kaam mei har auto yn botsing mei de auto fan in man út Snits. Dy seach by it ôfslaan de auto fan de frou oer de holle.

Troch de klap bedarre de frou mei har auto sa'n 50 meter fierderop yn in stik greide. Se is mei ferwûnings oan 'e rêch oerbrocht nei it sikehûs.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)