Lodeweges yn byld by It Fean

22 mrt 2014 - 10:37

Cambuur trainer Dwight Lodeweges is yn byld as ien fan de opfolgers fan Marco van Basten. Dy makke koartlyn bekend dat er opstapt by SC Hearrenfean. It fuortgean ferraste foarsitter Janko van der Wiel behoarlik, sa sei er yn it Omrop Fryslân-programma Bynt. In mooglike opfolger is Lodeweges, joech Van der Wiel ta.

Yn maaie komt de klup mei nijs oer de opfolging fan Van Basten. Van der Wiel is as nije foarsitter fan SC Hearrenfean drok dwaande de klup wer sûn te krijen en hat dêrneist it doel om it ferneamde klupgefoel werom te bringen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)