Ljochtfestival It Hearrenfean

Op It Hearrenfean wurdt dit wykein foar it earst it saneamde Ljochtfestival organisearre. Dat wurdt dien fanwege it WK allround dat dit wykein yn Thialf plakfynt. De bedoeling is dat bedriuwen, organisaasjes en ynwenners fan it doarp safolle mooglik kearskes en ljochten pleatse tusken Thialf en it sintrum, sadat der in dúdlike ferbining ûntstiet tusken beide dielen fan It Hearrenfean. Boargemaster Tjeerd van der Zwan iepene it festival en hy sei dat hy graach wol dat dit ljochtfestival in jierliks weromkommende tradysje wurdt.